TWA WIKEN FEEST

SÛNDER IEN DRIP BENZINE

1 – 14 july 2018

TWA WIKEN FEEST

SÛNDER IEN DRIP BENZINE

1 – 14 july 2018

ELFWEGENTOCHT

De rop fan de Fryske jongerein om twa fossylfrije mobiliteitswiken wurdt heard! Fan 1 o/m 14 july 2018 ride yn Fryslân safolle mooglik minsken mei duorsume ferfiermiddels. Fan de provinsjegrins ôf sille elektryske taksi’s, dielauto’s, griengas-bussen, Segways, lizfytsen en oar bysûnder reau it ferkearsbyld bepale. It wurde twa wiken feest sûnder ien drip benzine!

TWA WIKEN

SÛNDER BENZINE

HIEL FRYSLÂN

Meast stelde fragen

Wêrom de Elfwegentocht?

De kommende jierren giet Nederlân omskeakeljen nei in maatskippij dy folslein draait op duorsume enerzjy. Der wurde al in soad stappen set, mar dit giet noch lang net fluch genôch. Dêrom is it prachtich dat Fryslân sjen litte kin dat it no al mooglik is om te reizgjen sûnder fossyle brânstoffen, lykas benzine of disel.

Wat feroaret der foar my wilens de Elfwegentocht?

De Elfwegentocht wurdt foar elkenien in grut feest. Mei kreative oplossingen sil elkenien fan 1 o/m 14 july 2018 noch hieltyd alle dingen dwaan kinne dy’t hja mei fossyle brânstoffen ek wend binne. Fan no oant 2018 sille alle doarpen en stêden yn Fryslân in plan betinke om dit lokaal te organisearjen.

Ik brûk myn benzine/diselauto alle dagen. Wat no?

Tidens de Elfwegentocht sille der allegearre elektryske en griengas ferfiermiddels beskikber wêze. Ek sille der allegearre kreative oplossingen komme, wêrtrochsto minder faak de auto hoechst te nimmen. Bygelyks troch dyn boadskippen elektrysk besoargje te litten.

Kin ik mei myn skoalle ek meidwaan oan de Elfwegentocht?

Wy hawwe it projekt Elfwegentocht ek yn it Fryske ûnderwiis útsetten. Studinten en skoalbern sille allegearre eveneminten en projekten opsetten gean yn oanrin nei de tocht yn 2018. Wolsto ek dyn studinten/skoalbern oan it wurk sette? Nim dan kontakt mei ús op troch te mailen nei info@elfwegentocht.nl.

Ik bin boer. Kin ik myn trekker gewoan brûke wilens de Elfwegentocht?

Wy sille graach it petear oangean om te sjen wat kin. Wy besykje bygelyks te stypjen mei it finen fan duorsumere brânstoffen foar lânboufoertugen. As dit net slagget, dan sykje wy in oare oplossing. Yn elk gefal betsjut it net dat der net wurke wurde kin as dit nedich is.

Ik ha my al opjûn. Wat kin ik noch mear dwaan?

Fansels is meidwaan allinne al in grutte bydrage, mar dêrnjonken binne der noch tal fan oare wizen om mei te dwaan. Lykas troch ambassadeur te wurden fan dyn doarp of wyk, troch sels futuristische foertugen te ûntwerpen, troch it weinpark fan dyn doarp te behearen, of troch frijwilliger te wurden wilens de Elfwegentocht. Hasto ynteresse? Stjoer dan in mail nei info@elfwegentocht.nl

Hoe sit it mei helptsjinsten?

Ambulances, plysje, brânwar en soksoarte hawwe frije tagong om harren wurk te dwaan. It leafst wol op in griengas of elektrisch foertug, mar feiligens giet foar!

Mear ynformaasje

Parade fan futuristyske foertugen

Fryslân kriget yn july 2018 de grutste parade fan futuristyske foertugen ea! De meast ynnovative elektryske foertugen komme fan de hiele wrâld út rjochting ús provinsje. Ek wurde alle Friezen útdage om sels in duorsum foertuch te betinken en mei te dwaan oan de futuristyske parade. Fan jong oant âld, fan basisskoalle oant hegeskoalle en fan eltse strjitte oant enerzjykoöperaasje, se kinne allegearre meidwaan!

Fragen of ideeën? Nim kontakt op fia info@elfwegentocht.nl.

Studinten

Foto studenten tijdens Freonen-bijeenkomst in WTC ExpoIt idee foar de Elfwegentocht komt fan Fryske studinten. Sy dogge logyskerwiis dan ek mei oan dit grutte projekt. Yn Fryslân binne 50.000 studinten, wêrfan in protte in konkrete bydrage leverje sille. Sy ûntwerpe bygelyks in futuristysk foertúch of tinke mei oer it evenemint yn july 2018.

Meidwaan út it ûnderwiis oan de Elfwegentocht? Nim kontakt op mei Marga Witteman (marga@elfwegentocht.nl).

Fossylfrije Fryske pilots

De Fryske mienskip is entûsjast oer de Elfwegentocht en wol graach meitinke oer it evenemint. Dêrom organisearje wy pilots yn Fryske doarpen om de ynwenners kennis meitsje te litten mei de plannen.
Fryske studinten en oare ambassadeurs fan de Elfwegentocht gean lâns de doarren om minsken te ynformearjen oer dizze tocht. De betinkers fan de Elfwegentocht prate ûnder mear mei enerzjykoöperaasjes, fuotbalklups, pakes en beppes en tsjerken. Wat is foar minsken wichtich om meidwaan te kinnen oan de Elfwegentocht? Wat hawwe sy dêrfoar nedich?

Mear witte oer dizze ‘doarpenoanpak’? Nim kontakt op fia info@elfwegentocht.nl.

Leeuwarden-Fryslân 2018

Logo Leeuwarden-Fryslân 2018De Elfwegentocht makket diel út fan it Kulturele Haadstêd-project Fossylfrij Fryslân en heart hjirmei oan’t programma fan Leeuwarden-Fryslân 2018.

Freonen fan Fossylfrij Fryslân

Logo Freonen fan Fossylfrij FryslânDe Elfwegentocht is ien fan de projekten fan de Freonen fan Fossylfrij Fryslân. Dizze stifting bestiet út tsientallen bedriuwen yn Fryslân en set him yn foar in fossylfrije provinsje. Sjoch foar mear ynformaasje op de websidefan de Freonen.

Elfwegentocht-ûndersyksgroep te Ljouwert

Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 binne Rijkswaterstaat, NS, Arriva, ferskate gemeenten en Urgenda dwaande de útdagings te besjen en te sykjen nei oplossings op maat.

Low Car Diet Fryslân

It Low Car Diet is in grutte, lanlike wedstryd, wêr’t organisaasjes en bedriuwen mei harren meiwurkers in moanne lang de striid meiïnoar oan te gean troch de auto stean te litten en safolle mooglik duorsume kilometers te meitsjen. Dit dogge hja troch gebrûk te meitsjen fan fytsen, (high-speed) e-bikes, wurk- en gearkomstelokaasjes, iepenbier ferfier en elektryske- en diel-auto’s. Yn eardere edysjes ûntdutsen de dielnimmers dat reizgje goedkeaper, skjinner en sûner kin. It Low Car Diet is de bêste trening foar de Elfwegentocht yn 2018. Dêrom hat der fan 27 maart o/m 21 april in Fryske edysje plak fûn fan dizze mobiliteitswedstriid.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.lowcardiet.nl of nim kontakt op mei Laura van der Reijden (laura.vander.reijden@lowcardiet.nl).

De folgjende edysje van it Low Car Diet fynt plak fan 2 oktober o/m 3 novimber.